516 JIER, STUDEARJE UT OPBRINGST LAN
Dyn binnen- of bûtenlânske stúdzjebeurs
SINT GEERTRUIDSLEEN UT ABBEGEA.
It Sint Geertruidsleen is fan oarsprong in famyljelien dat yn 1508 stichte is troch pastoar Goffe Attama. Syn doel dêrmei wie om der foar te soargjen dat syn famylje studearje koe foar pryster. Troch de jierren hinne is der hiel wat feroare oan dy útfiering, mar wat noch altyd oerein stiet is dat der hjoed de dei noch altyd minsken studearje kinne mei finansjele stipe fan de stifting Geertruidsleen.
By de betingsten is te lezen wêr’t men oan foldwaan moat om yn oanmerking te kommen. De middelen foar in stúdzjelien wurde ferkrigen út de opbringsten fan 113 hektare lân rûnom Abbegea.
Tsjintwurdich wurdt der al lang net mear foar de hear Goffa bean, mar syn testamint wurdt noch altyd yn eare hâlden. Troch syn lêste winsk krije no in hiel soad studinten út binnen- en bûtenlân in stúdzjebeurs. De hear Goffa sil nea betinke kinnen hawwe dat syn lien yn ‘e takomst in ynternasjonaal bekende stúdzjebeurs wurde soe. De Reformaasje, de Frânske tiid en in tanimmende bemuoiïng fan de oerheid ha dêrby in rol spile. Dêrneist hawwe de ferskillende famyljerûzjes oer de hear Goffa’s erfskip de skiednis fan it lien op beslissende mominten foarme. De pryster dy’t foar Goffa’s siel bidde moast, moast nammentlik famylje wêze.
Likegoed warbere studinten as slimme profiteurs ha yn ‘e rin fan de tiid gebrûk makke fan it lien. Ferskate tûken fan de famylje bestriden en stipen inoar by it ûntfangen fan de lienynkomsten. Sûnt it ein fan de njoggentjinde ieu komme ek minsken bûten de famylje yn oanmerking foar in taslach. Froulju stean dan noch bûtenspul. Pas yn april 1940 wurdt, nei in hiel soad gedoch, de earste studinte talitten.
TSJUGENISSEN
"Syn âlders binne fan Fryske komôf. Hy blykt in briljant studint te wêzen en wint yn 1975 de Nobelpriis foar de Ekonomy. Letter sil hy yn in biografyske skets beskriuwe hokker beskiedende rol it lien yn syn libben spile hat. “It Sint Geertuidsleen hat my stipe oant myn 26e bertedei. Ik sil altyd tankber wêze foar dy stipe, dy’t my finansjele en dermei ek yntellektuele ûnôfhinklikens brocht hat."
"It bestjoer mient yn 1940 dat in stûdzjetaslach foar har weismiten jild is. Wat hat se oan har stúdzje rjochten? Se sil ommers dochs wol trouwe. En dus húsfrou wurde. Har beppe en âldomke protestearje en krije harren sin. Mei stipe fan de Geertruidsleen wurdt Tjitske juriste. Hieltyd wer moasten de bestjoerders harren de holle brekke oer de fraach hoe’t it lienreglemint oanpast wurde moast oan de easken fan de tiid."
"In oare bekendheid dy’ t mei stipe fan it fûns studearre is Lolle Nauta, jierrenlang ideolooch fan de Partij van de Arbeid. Nauta wie ek polityk aktyf, en mingde him geregeld yn it publike debat. Hy redigearre it begjinselprogram fan dizze partij en droech by oan politike en kulturele diskusjes. "
STIFTING SINT GEERTRUIDSLEEN UTLJOCHTE
Abbegea
Abbegea is in lyts plattelânsdoarpke yn Súdwest Fryslân. Abbegea wie it berteplak fan Goffa Attama. Sjoch hjir rjochts foar in pear foto’s út de omjouwing fan Abbegea.It fûns (lien) Sint Geertruidsleen, wêrtroch yn de ôfrûne ieuwen hûnderten studinten de mooglikheid krigen ha om studearje te kinnen, hat syn oarsprong yn dit doarp.
Goffa Attama
Goffa Attama wie pastoar yn Easterein en yn syn testamint liet hy fêstlizze dat er yn syn berteplak Abbegea foar syn sieleheil bean wurde moast. Hy stichte dêrfoar in lien, wêr’t in pryster fan betelle wurde koe om dizze taak út te fieren.Tsjintwurdich wurdt der al lang net mear foar de hear Goffa bean, mar syn testamint wurdt noch altyd yn eare hâlden. Troch syn lêste wisk krije no in hiel soad studinten út binnen- en bûtenlân in stúdzjebeurs. De hear Goffa sil nea betocht kinnen hawwe dat syn lien ea in ynternasjonaal bekende stúdzjebeurs wurde soe.
Grêf Goffa Attama
De grêfstien fan Goffa is te sjen yn de Martinitsjerke fan Easterein.
De Martinitsjerke is in yn de 14e ieu boude tsjerke, lizzend op in omgrêfte opheging yn it Fryske doarp Easterein.
Dokuminten
Goffa Attama wie pastoar yn Easterein en yn syn testamint liet hy fêstlizze dat er yn syn berteplak Abbegea foar syn sieleheil bean wurde moast. Hy stichte dêrfoar in lien, wêr’t in pryster fan betelle wurde koe om dizze taak út te fieren.
Tsjintwurdich wurdt der al lang net mear foar de hear Goffa bean, mar syn testamint wurdt noch altyd yn eare hâlden. Troch syn lêste wisk krije no in hiel soad studinten út binnen- en bûtenlân in stúdzjebeurs. De hear Goffa sil nea betocht kinnen hawwe dat syn lien ea in ynternasjonaal bekende stúdzjebeurs wurde soe.