pagina-about-01

YNFORMAASJE OANFRAACH PENSY

In algemiene útlis.

Sjoen it oantal reaksjes op de útstjoering troch de NOS en Omrop Fryslân op 1 en 8 novimber 2009, binne wy sa frij om in algemiene útlis te jaan oangeande jo oanfraach foar finansjele stipe.

Om yn oanmerking te kommen foar in pensy fan maksimaal € 2000,- yn’t jier, is der in oantal betingsten dêr’t oan foldien wurde moat. Dy betingsten lizze fêst yn it “Reglimint op de bejouwing fan it Sint Geertruidsleen te Abbegea, ynsteld troch de hear Goffa by testamint fan 9 july 1508”.

In oantal betingsten dêr’t jo oan foldwaan moatte, binne de folgjende:

  1. It ynkommen fan de âlders c.q. fersoargers mei net mear wêze as €. 37.500,-
  2. De oplieding moat dien wurde oan in universitêre of en dêroan liearre ynstelling. (dus gjin middelber ûnderwiis)
  3. De pensys wurde “bejûn” mei foarrang oan famyljeleden fan de hear Goffa. Ek hat in teology oplieding de foarkar
  4. In oanfraach kin yntsjinne wurde troch it ynfoljen fan it sollisitaasjeformulier, dat ûnderoan dizze side delhelle wurde kin.
  5. It ynfolle sollisiataasjeformulier moat tegearre met de frege papieren en eventuele taljochting foar 30 juny tastjoerd wurden nei it sekreatriaat. De pensys wurde efterôf yn fjouwer parten útbetelle. Foar it earst op 31 oktober en dêrnei op 31 jannewaris, 30 april en 31 july. Wannear’t oan alle betingsten foldien wurdt, hoege jo neat werom te beteljen./li>
  6. Bûtenlânske staazjes en stúdzjes wurde per gefal beoardiele, mar kinne gjin prioriteit yn ‘e doelgroep.

Wannear’t jo miene yn oanmerking te kommen foar in pensy, dan riede wy jo oan meidertiid kontakt op te nimmen sa as bedoeld yn punt 4 fan it foargeande úttreksel fan it reglemint.

Mei heechachting,

Ut namme fan it bestjoer fan it Sint Geertruidsleen.

Korrespondinsjeadres:

Sekretariaat Sint Geertruidsleen

Kompas 17

8502 BD Joure

mes-001