IT BESTJOER FAN DE STIFTING
It Sint Geertruidsleen is in op himsels steande stifting; dus folslein los steand fan de pleatslike tsjerke.
3 tsjerkerintmasters.
It bestjoer fan de Stifting bestiet út 3 tjerkerintmasters fan de Protestanske Gemeente fan Easthim, Abbegea en Folsgeare. Sy beneame in administrateur en in sekretaris (of skriuwer) dy’t respektivelik de finansjele saken fan de stifting behertiget en de kontakten mei de studinten ûnderhâlde.
De tafersjochhâlders.
Der binne twa tafersjochhâlders (provisoaren) en der binne op syn minst twa mienskiplike gearkomsten yn’t jier. De maitiidsgearkomste wurdt hâlden yn Blauhûs yn it pleatslike kafee anneks restaurant, dêr’t nei de gearkomste it Goffamiel nuttige wurdt. Dit miel bestiet ûndermear út it iten fan de hazze fan de ko. Dit tradisjonele diner waard troch de erflitter ynsteld, en wurdt noch altyd yn eare hâlden. It oansnijen fan it fleis wurdt fersoarge troch de foarsitter fan de mienskiplike gearkomste mei in hiel âld fersulvere mes.
Ien kear yn’t jier wurdt yn july in ballotaazje dei hâlden, wêrop de útnûge studinten harren sollisitaasje taljochtsje kinne. De kommisje dy’t dêr foar oansteld wurdt advisearret op basis fan har befiningen, de mienskiplike gearkomst beslút úteinlik wa’t der foar in pensy (liening sûnder werom beteljen en rinte) yn oanmerking komme. Hoewol’t it boppesteande ymplisearret dat allinnich Protestanske studinten gebrûk meitsje kinne fan it Sint Geertuidsleen, is dat net it gefal. Ommers, fan orizjine wie it in Rooms Katolyk famyljelien. Wol hat in famyljelid en/of in teologyske stúdzje noch altyd de foarkar.